wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Juny 2008
“De karre fan Jiskepûster”

It ûndersteande stikje krige ik (Yvonne Hiemstra, red.) trochstjoerd fan in dierbere freondinne fan my.
Hja studearre mei my yn Grins en ús petearen wienen djip, ryk en tige weardefol. Seker foar myn groei en syktocht troch it wâld fan de teology.
It ferskil yn âldens makke neat út foar de freonskip, al kamen we der somtiden efter dat it wol fan ynfloed wie op hoe 't wy de teology út it froulike perspektyf wei ferstienen. De striid wie itselde, mar de wize dêr’t de striid op fierd wurdt hie somtiden wolkrijen mei leeftiid.
Nei oanlieding fan it 25 jierrich jubileum fan de Catharina Halkes learstoel, skreau Coby Jacobs-Gravesteijn ûndersteande oertinking út in persoanlike belibbing wei. It lit sjen hoe ticht teology, struktueren fan wittenskiplike ynstituten mar ek it persoanlike leauwen en it libben fan al den deibyinoar lizze. Faaks kin it oaren ynspirearje. Mear oer de learstoel kin men fine op de hiemside fan it IWFT vrouwennetwerk Theologie.

De karre fan Jiskepûster
Op tongersdei helle ik myn beppesizzer fan skoalle. Hy hie in wurkje makke. Op myn fraach  "Wat is it?" moast er even neitinke: "De karre fan Jiskepûster". It wie rûn en der wie in gouden kroantsje op en der rûn in brún bist foar. En yn syn eigen letters, hy begjint lyts en einiget grut, stie syn namme der by: daniEL.
Myn rjochter is God (Elohiem, de God fan ’e Goaden en Goadinnen).
Dat er "karre" sei en gjin "koets", rôp bij my assosjaasjes op oan de karren dêr’t froulju op nei it skavot of de brânsteapel transportearre waarden. Marie-Antoinette, Jeanne d'Arc, heksen en folle oaren. Gjin gloarjetocht foar de breid fan de Prins.
Yn ién fan syn preken tsjin de ferhearliking fan Maria as "Himmelkönigin", neamde Maarten Luther har in "Aschenbrödel" (Jiskepûster). Oft it mearke der earder wie as de preek, wit ik net, mar dy beneaming makket myn assosjaasje rûn.

Learstoel Feminisme yn Nimwegen
Op freed 23 maaie 2008 waard yn Nimwegen it 25 jierrich jubileum fan de Catharina Halkes learstoel foar Feminisme en Kristendom fierd. De beppe (Groot-Moeder) fan de feministyske teology wie der ek, fanwegen har hege âlderdom ûnder begelieding en fersoarging en omriden yn in rolstoel troch heechgelearde froulju.
Op hannen droegen troch in soad yn it moed taaste froulju. Ik moete har foar it earst, wenne altyd te fier fan Nimwegen ôf, en hie it drok mei myn gesin en mei myn stúdzje teology. Professor Halkes skreau my yn 1979: "wennen jo mar tichter by Nimwegen, dan soe ik jo graach útnoegje foar in lês- of harkkolleezje” . . . .

PKN: ieuwenâld en ferstienne
Op de jubileumdei die bliken dat de learstoel noch altyd in bysûndere is, foar in part betelle út partikulier jild (fan de Uny fan Katolike Froulju). Feministyske teology is dus noch altyd in styfbern. Net allinne yn Nimwegen, mar ek yn Grins, Utert en Tilburch. Feministyske teology is in fak yn de marzje. Jonge minsken kenne it wurd sels net. Offisjeel hjit de learstoel no ek “foar religy en gender” en hy is yntegrearre, dus noch fierder ûnsichtber makke.
Mei it akademysk bedriuw en mei de Roomsk-Katolike Tsjerke haw ik sûnt myn ôfstudearjen yn 2002 neat mear te krijen, wol mei de PKN en mei Passage, de protestantske frouljus-beweging. Fan Feministyske Teology witte se dêr net. Hoewol’t wy feministyske teologen yn de PKN in soad bydrage kinne soenen oan de oekumenyske gearwurking, om’t wy al jierrenlang oekumenysk wurkje, heart men der amper in frouljuslûd en seker gjin feministyske. PKN is in saak fan manlju, geleard en/of otterdoks. In homo-sosjaal barren. Ieuwenâld en ferstienne. Op ‘e râne fan it fallissemint.

Blommen sille bloeie
Freondinnen yn Passage sizze dat ik de term  "feministyske teology" mar net mear brûke moat, miskien mei ik der dan wòl wat dwaan . . . Lit my mar in Aschenbröbel bliuwe, it is wol bêst sa. Sûnt fjouwer wiken wenje ik yn dit hûs en der is in grutte tún mei in soad efterstallich ûnderhâld. Yn dy tún kom ik myn Peetmuoike tsjin en hja wiist my op al it moais dat út de gaos fuortkomt, dêr’t ik wjudzje en snoei. De mûzen stean al klear om de koets te lûken. Reade roazen ljochtsje op mids huls en hortinsje. Út Almere haw ik roazige simmer-bollen meikrigen.

"Mij spreekt de blomme een tale
mij is het kruid beleefd
mij groet het altemale
wat God geschapen heeft…….."

De skiedsmuorre wurdt ûndergroeven troch bloeiend flaaks, har woartels yn de grûn, har ranke en sterke stâlen wiuwend op de wyn en har lytse blommen blau en strieljend tsjin de skiere muorre.
Har sied sil aanst in mannichfâld oan blommen oproppe. Har stâlen sille wite triedden wurde, foar in breidsklaad, in tabernakel, lekkens om ûnder te lizzen en de leafde te bedriuwen.
Leafdefolle frouljushannen sille it stikelige flaaks bewurkje ta moaie, sêfte stoffen en wurkjes.
En bibelskriuwers brûke flaaks as pars-pro-toto yn it ferhaal fan Jericho (pars pro toto: in stylfiguer
wêrby't in skriuwer in part fan it objekt neamt as er it gehiel bedoelt. Bygelyks de dakken fan de stêd, as de srkiuwer de huzen bedoelt. redaksje).
De karre fan Jiskepûster sil dat allegearre fierder drage. Nei it feest ta eare fan de Prins en fan Jiskepûster, Luther syn Aschenbrödel. Want God is ús Rjochter.
Daniel, lytse soan, wat hast in soad oproppen mei wurk fan dyn lytse beukerhantsjes.
Lytse dochters, ik lit my graach ferliede om jim foar te lêzen en dan dream ik jimme dreamen.
Alles is mooglik.

Coby Jacobs-Gravesteijn
wpa8a66861_02.jpg
wp1e691057_02.jpg