







Oktober 2009
Wy timmerje oan de wei mei de nije Earn
Yn oktober 2009 is it tredde nûmer fan de nije Earn ferskynd en wy hoopje dat ús lêzers der mar in soad lêswille en fertuten fan ha meie. Want dat is fansels (Kalvinistysk as wy binne) it doel: jim moatte der wat fan opstekke.
De lêste moannen hawwe redaksje en administraasje in soad tiid en enerzjy stutsen yn it winnen fan nije abonnees. Dat hat fertuten dien, want wy hawwe no 88 (108 yn desimber 2009) beteljende abonnees.
En dat is 76% mear as de doelstelling foar dit jier wie. Boppedat hawwe wy in pear hûndert adressen byinoar swile, dy’t mei it oktobernûmer foar de twade kear in Earn as proefeksimplaar krije.
Wy hoopje dat it ek harren sa goed befalle mei, sadat wy der noch inkelde tsientallen abonnees by krije.
In formulier dêrfoar is ynsletten yn de Earn (en hjir yn te laden). Dêr ha wy alle fertrouwen yn, want de measte nije abonnees komme út dy groep. It frjemde is, dat it tal nije abonnees út de groep dy’t altyd al in fergees abonnemint hie, noch wat efterbliuwt, mar wy rekkenje der op, dat ek hja har noch foar 31 desimber opjaan sille. Want mei yngong fan dy datum is de Earn der allinne mar mear foar beteljende abonnees.
De nije abonnees sille it al wol fernommen hawwe: har abonnemintsjild foar 2009 is foar de earste kear automatysk ôfskreaun. Dat wie ek nedich, want alle aktiviteiten hawwe in soad ekstra jild koste.
Ta beslút noch in oprop oan jim allegearre: kenne jim minsken, dy’t miskien wol in abonnemint ha wolle soenen, jou dy adressen dan oan ús troch (Tine van Minnen).
Of jou jim eigen nûmer oan har troch, sadat se it ris lêze kinne.
En boppe alles: tige tank foar alle positive reäksjes en alle stipe.
Dat makket dat ús wurk in stik lichter fielt!
Jan Lautenbach
Juny 2009
Nije Earn goed ûntfongen
De redaksje en it Wurkferbân hawwe tige goeie reaksjes krigen op it earste nûmer fan de nije Earn. Sawol op de ynhâld fan it blêd as op it ynisjatyf sels.
Wy binne dêr tige wiis mei, mar noch blider binne wy mei it feit dat wy al 50 nije abonneminten hawwe (ein augustus 2009 wie dat al 67, JL) en dat wie in doel, dat wy ús pas nei ien jier steld hiene.
Boppedat wiene in soad fan dy abonneminten foar minsken, dy´t oan no ta noch gjin Earn krigen of sjoen hiene. Oan de oare kant binne der ek noch in soad minsken, dy´t al in (fergees) abonnemint op de Earn hawwe, mar har noch net opjûn hawwe foar in betelle abonnemint. Wy hawwe der lykwols alle betrouwen yn, dat in grut part fan dizze lêzers, har ek noch opjaan sil foar in abonnemint.
Sa´jim witte, hat it bestjoer besletten om it lêsjild foar it earste jier en fjouwer nûmers fêst te stellen op € 10 (€ 15 as it takom jier 6 nûmers wurdt). En om de administraasje net te belesten mei de kontrôle op minsken dy't wol en net betelje en fanwegen de hege kosten fan aksept-giro's, kin dat allinne troch in machtiging te jaan ta automatyske ynkasso. Foarút betelje mei ek, mar dat ferjit faak maklik. Besteande (net-beteljende) lêzers gunne wy even de tiid om har noch op te jaan, mar as wy ein 2009 net yn it besit binne fan in machtiging, sille wy dy abonnees útskriuwe moatte as lêzer.
By de Earn fan juny sit dan ek jitris in los ynlisfel, dat minsken dy´t noch net abonnee binne, ynfolje en ûndertekenje kinne. Faaks dat josels de nije Earn ek ris útdiele kinne oan mooglike belangstellenden.
De earste nûmers sille dêrta ek yn in ekstra grutte oplage ferspraat wurde. Mear eksimplaren (ek fan it foarige nûmer) binne te krijen by de redaksje en de Herfoarme tsjerke yn Earnewâld.
Út namme fan de redaksje in soad lêsnocht tawinske!
Jan Lautenbach, administrateur
Maart 2009
de nije Earn
in nije maityd en in nij lûd
Wat is de Earn?
De Earn wie it nijsblêd fan en foar it Frysk Oekumenysk Wurkferbân yn Earnewâld (FOWE).
Wat is de nije Earn?
In yn prinsipe Frysktalich tydskrift dat ynformaasje biedt oer teologyske en libbensbeskôglike ûnderwerpen,
yn modern godstsjinstige geast en ûnôfhinklik fan de besteande tsjerken.
Wy wolle ús dan ek net bine oan tsjerklike teology en oan tsjerklike kaders. Fansels steane wy iepen foar alles wat weardefol is yn de bibelske en de kristlike tradysje, mar stelle ús wol kritysk op. Op dyselde wize steane wy iepen foar de hjoeddeiske wittenskip en kultuer.
Mei de ynhâld fan it tydskrift wol it Wurkferbân besykje om temjitte te kommen oan it ferlet fan minsken dy’t op geastlik gebiet sykjend binne; minsken dy’t oan de iene kant boeid wurde troch de grutte fragen fan leauwen en libben, mar dy’t oan de oare kant fakentiids gjin befrediging fine by de tradisjonele tsjerklike antwurden.
Wy binne fan doel om artikels op te nimmen dy’t geane oer bibelske en teologyske ûnder-werpen; oer de ferhâlding tusken wittenskip en leauwen; lêzings dy’t hâlden binne op de Earnewâldster Rûnte; gearfettings
fan preken dy’t yn Earnewâld hâlden binne; artikels oer keunst en kultuer; ferhalen en poëzij ensfh.
Wat wolle wy krekt mei de nije Earn?
Wy geane der fanút dat der yn Fryslân in merk is foar in yn prinsipe Frysktalich tydskrift. Op dizze wize hopet dizze nije Earn njonken de lêzingjûnen fan de 'Earnewâldster Rûnte' - ús stúdzjerûnte dy’t dit jier it tsiende seizoen yngiet – en de webside www.fowe.org in kanaal te wêzen om modern godstsjinstich gedachtegoed yn de Fryske taal út te dragen.
Mear ynformaasje en abonneminten
It is it doel dat de Earn it earste jier fjouwer kear ferskynt. Dêrnei wurdt beoardiele oft it seis kear wurde kin.
Foar 2012 wurdt útgien fan 5 nûmers.
Foar ynhâldlike fragen oer de nije opset kin kontakt opnommen mei:
ds. Rienk Klooster te Ljouwert (till. 058-251 94 25).
Foar fragen oer de nije Earn, it oanfreegjen fan in proefeksimplaar of it opjaan foar in abonnemint ensfh. kinne jim terjochte by:
Tine van Minnen (till. 06-20 60 04 09), Wâlddyk 9, 9294 LG Aldwâld.
Opjefte foar in abonnemint kin ek fia E-post: tine.vanminnen@kpnplanet.nl
Jou jo namme en adresgegevens troch, tillefoan en it banknûmer dêr’t wy it abonnemintsjild fan ôfskriuwe kinne (abonneminten binne allinne mooglik fia automatyske ynkasso).
In abonnemint kostet € 10 by 4 nûmers yn it jier en € 15 by 6 nûmers yn it jier.
De lêste nûmers fan de Earn binne hjir yn te laden yn pdf.format