wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Maart 2009
Oertinking oer Jona 3 en 4: It kwea as macht en as realiteit
(troch Rienk Klooster)

Dizze oertinking stiet ek yn de Earn fan maart 2009, en dy kin ynladen wurde as PDF-dokumint troch te klikken op de neifolgjende skeakel: Earn 43

De fjirtich dagentiid foar Peaske is de tiid dy’t yn it teken stiet fan it lijen fan Jezus. Mar syn lijen giet net bûten it lijen fan minsken om. En it lijen sawol fan Jezus as fan de minskheid hat te krijen mei de macht en
de realiteit fan it kwea. Yn it gefal fan Jezus stiet it dat wol fêst. Syn lijen wurdt him troch minsken oandien. En it lijen dat wy yn de wrâld ús hinne sjogge en miskien ek sels wol ûnderfine bytiden, hat dan wol net altiten mar wol hiel faak te krijen mei kwea dat minsken elkoar oandogge.

Yn de foargeande preken oer dat tema ha wy sjoen dat it kwea in ferskynsel is dat him rûnom foardocht en oan te wizen is, mar dat tagelyk net te bedjipjen is, net te gripen, net te begripen. Sadwaande bliuwt it yn wêzen in mystearje. Mar hjir en dêr kinne wy in lyts tipke fan de wale optille en ûntdekke wy aspekten, dy’t wat ljocht smite op dat ‘mysterieuze’ ferskynsel fan it kwea, dêr’t gjin minske frij fan is.  
Fansels hat it gjin doel om in swier en ûneigentlik sûndebesef oan te praten. Dat is al genôch dien yn de tsjerke (dy hat dêr sels patint op). Mar yn de bibelske berjochten wurde wy wol hiel faak konfrontearre mei it kwea. Faak hiel werkenber. En as it werkenber is, dan sprekt it jin oan, rekket it jin en hat it jin wat te sizzen.

Jona - in djipsinnich learferhaal
Sa’n werkenber ferhaal is te finen yn it boek Jona, hiel djipsinnich en psychologysk hiel knap. Wa’t dy Jona krekt wie en oft er echt bestien hat, is in fraach dy’t net maklik te beantwurdzjen is. Yn 2 Keningen 15 komt ek in profeet foar dy’t Jona de soan fan Amittai hjit. Dat liket in histoaryske figuer te wêzen. En sa soe it hiel goed wêze kinne dat dit ferhaal yn it boek Jona, dat út folle lettere tiid is, oan him ophongen is.  
It is dúdlik dat wy yn it boek Jona te dwaan hawwe mei in leginde dan wol mei in learferhaal. In learferhaal oer in profeet dêr’t wy fierder neat fan witte. Mar it is opmerklik dat dat legindaryske ferhaal yn de tradysje fan it âlde Israël sa wichtich wie, dat it in plak krige hat yn de earbiedweardige rige fan profetyske geskriften. En dat kin net oars wêze as fanwegens syn rike en djipsinnige ynhâld.
In profetysk tsjûgenis is it dan ek, dat noch neat oan aktualiteit ferlern hat.

Aartsfijannen
Der wurdt ferteld dat Jona fan hegerhân de opdracht kriget om nei de grutte stêd Ninevé ta te gean. Hy moat de minsken dêr oansprekke op harren ferkeardens.
Foar de lêzers út dy tiid wie dat kwea wol dúdlik. Ninevé wie ommers de haadstêd fan it Assyryske ryk (it lei yn it hjoeddeiske Irak), dat fanwegens syn oarlochs-suchtigens in grutte bedriging wie foar de omlizzende lannen, ek foar Israël.
Ut de skiednis witte wy dat de Assyriërs yn 721 foar Kristus mei in grut leger oarloch fierd hawwe tsjin de stammen fan Israël. De stêd Samaria is doe mei de grûn gelyk makke en de noardlike stammen binne as finzenen fuortfierd. Wêr’t dy bleaun binne, is ûnbekend. Mar as troch in wûnder – de pest briek út - bleau Jeruzalem besparre foar de ûndergong.
En no fertelt it ferhaal dat Jona de opdracht krige om nei it sintrum te gean fan it Assyryske ryk, dat wol sizze  nei dizze aartsfijannen fan de Israëliten en dêr de minsken it boadskip fan God te bringen.    

Jona ferpoft it!
As as de profeet Jona dizze opdracht trochkriget, dan ferpoft er it! Hy giet nei de haven fan Jafo, dat oan de kust fan de Middellânske see leit en hy nimt dêr de earste de bêste boat nei Tarsis. Dat is in stêd dy’t trochstrings identifisearre wurdt mei Tartessos yn Spanje. In plak dus fier fuort yn it westen. Allegearre kenne wy it ferhaal oer de stoarm ûnderweis, hoe’t de profeet de skuld dêrfan dan op him nimt en himsels oer board smite lit. Hy wurdt dan opslokt troch in seemeunster en trije dagen letter  uutspuid op it strân.
Foar de twadde kear kriget er dan de opdracht om nei Ninevé ta te gean. Hy wit dat er der net foarwei kin en hy beslút om der dochs mar hinne te gean.  Trije dagen letter komt er oan yn dy grutte stêd om it boadskip fan God te bringen.
Hy ropt: ‘Noch fjirtich dagen en dan sil Ninevé ûndersteboppen keard wurde!’ In bliid boadskip is it yn gjin gefal. Earder is it klearebare yntimidaasje. Opfallend is lykwols dat getal fjirtich. In fjirtichdagentiid ropt er út oer Ninevé.

Bekearing: de reäksjes fan God en Jona
Mar dan bart der wat dat de profeet net ferwachte hie. It ferhaal fertelt dat de minsken yn Ninevé, mar benammen ek de kening, ûnder de yndruk reitsje fan de wurden fan de profeet. Sa bot sels, dat de kening in perioade fan rou ôfkundigje lit. Elkenien moat fêstje (de bisten ek, hiel opfallend) en rouklean drage. Mei oare wurden: Ninevé wurdt him derfan bewust wat it oanrjochte hat. Elk moat him ôfkeare fan syn ferkearde praktiken. It liket derop dat it kollektive gewisse wekker wurdt en dat der soks as in bewustwurdingsproses op gong komt. Sa fan: Wêr binne wy meielkoar mei oan de gong? In ‘etysk reveil’ soe men it ek neame kinne.
En sa hoopje de minsken yn Ninevé te ûntkommen oan it oardiel dat troch dy frjemde profeet út Israël oer harren útsprutsen is.
En as de God fan Israël dan sjocht wat dêr yn Ninevé geande is, hoe’t de minsken ta ynsjoch komme en har bekeare, dan kriget Er sympaty foar de minsken dêr. En Hy sjocht ôf fan syn foarnimmen om de stêd om te ferneatigjen. Mar no de profeet. Dy wurdt spinnidich. En fan kleare lilkens begjint er te bidden:
'Och Heare, hie ik it al net sein, doe't ik noch yn myn eigen lân wie? Dêrom haw ik do mar gau makke dat ik fuortkaam nei Tarsis. Want ik wist wol dat Jo in God binne fan genede en barmhertich, sunich mei syn grime, rynsk yn trouwe leafde, in God dy't it oandeart om ûnheil te bringen. No dan Heare, nim myn libben mar, want ik gean leaver dea as dat ik sá libje moat'. Dat is de ynhâld fan it gebed fan de profeet Jona.  

God: rynsk yn trouwe leafde
It kwea, wêr is dat yn dit ferhaal, wêr is it oan te wizen? Net by Ninevé, want dy stêd bekeart him, sa wurdt hjir ferteld. Ek net by de God fan Israël, want dy is ‘fol fan genede en barmhertich, sunich mei syn grime en rynsk yn trouwe leafde’. En de profeet wit it. Mar hoe sympatyk komt er op ús oer? Wat is der krekt mei dy man oan de hân? Hy is o sa leauwich. Dat wol. Mar tagelyk sit der wat yn him dat net doocht: syn dûbelhertigens.   
Hy is in minske dy’t himsels better fielt as de oaren. Hy fielt him der te goed foar om nei Ninevé ta te gean.
Hy hatet dy minsken wol sa bot, dat er graach sjocht dat dy hiele stêd mei de grûn lyk makke wurdt.   
De profeet achtet himsels suver. It kwea dat is de oar. Dy oaren dat binne gjin minsken. Dat binne gjin minsken skepen neffens Gods byld en gelikenis. Dy oaren binne gjin minsken lykas jin.
Foar dy oar hoecht men dan ek gjin respekt te hawwen. Yn syn eagen is it sels sa, dat dy oaren it sels net fertsjinje om te libjen. Dy moatte útroege wurde: sawol grut as lyts. Yn dy stêd wenje 120.000 bern, dy’t gjin ferskil witte tusken har rjochter en har lofter hân, sa wurdt oan it slot fan it ferhaal meidield.
Dat is om stil fan te wurden.

Jona: ûnbarmhertich
Mar wat jin benammen yn dit ferhaal treft, is de dûbelhertigens fan dy profeet. Mei de mûle beliidt er God as in God fan genede, barmhertichheid en fan leafde. Mar yn syn deistige tinken en oardieljen is er uterst ûngedich, ûnbarmhertich en leafdeleas. Hurd sels, wreed, sûnder moederaasje, gewelddiedich en sadistysk.
En tagelyk o sa sentiminteel as syn beamke dea giet.
Sokke karakters binne der: hiel from, mei it boarst foarút en o sa sintiminteel as it om harsels giet, mar nei oaren ta spikerhurd. Somtiden ha se unifoarms oan en ha se macht. Dan binne se hielendal gefaarlik.
Dy dûbeldheid falt jin gauris op as men jin ferdjippet yn de skiednis en sjocht nei wat dêr mis gien is: yn de twadde wrâldkriich bygelyks en yn de koloniale skiednis.
Yn Spanje hearden wy de ferhalen oer kening Ferdinand en keninginne Isaballa, mei hokfoar geweld as dy de joaden en de moslims weijage hawwe út Spanje. En wy hearden oer Columbus en oer de striid fan de Spanjaarden om de rykdommen fan it nije wrâlddiel Amearika. Wat my dêrby rekke, wie dat it sa lang duorre hat, foardat de kristlike Europeanen ta it ynsjoch kamen dat yndianen ek minsken wiene.

It swarte gat fan it kwea
Hoe kin it dat minsken omrinne mei sokke waanbylden en mei sa’n stik eigenwaan?  In eigenwaan dy’t sa ferblinet en geweld goed praat. En dat wylst men better witte kin, ja sels better wit? Hoe kin dat?
Dat is in fraach dy’t yn it Jonaferhaal libbensgrut nei foaren komt.
Mar is is in fraach dy’t dêr net net beantwurde wurdt. En ik wit it antwurd like min.
Wy sjogge hjir op ‘e nij yn it swarte gat fan it kwea. Yn it swarte gat fan de minsklike dûbelsinnichheid.
Mar as wy witte fan it bestean fan dat swarte gat, sels by hiel fromme kristen-minsken, dan hoecht in hiel soad dat men yn it libben tsjinkomt, jin net mear te ferbazen. Fansels witte wy hiel skoan dat der gjin perfekte minsken besteane en dat elk syn lekken en brekken hat. Mar hoe’t guon dingen barre kinne, dingen dy’t dien wurde troch minsken dy’t witte fan in God fan genede, barmhertichheid, leafde en trou, dêr haw ik gjin ferklearring foar.

De minske: ferbline foar it kwea yn himsels?
En no kin men wol om jin hinne wize nei oaren. Nei de grutte dogenieten út de skiednis en nei de wat lytsere dogenieten om jin hinne. Miskien wol stik foar stik fromme kristenen. Mar yn wa minske skûlet net in Jona? Foar wa minske is it in frjemde gedachte om jin better te fielen as de oaren?
Better as minsken dy’t oars binne en dy’t wy om ús hinne sjogge, dy’t wy tsjinkomme yn it strjitbyld.
De nazy’s hiene it oer Ueberminsken en Unterminsken. Mar ha dy net útsprutsen wat by in soad minsken slommet oan rassistyske gefoelens en oan stille hate tsjin frjemdlingen?
Hoefolle wantrouwen is der allinne al net tsjin minsken dy’t oars binne as jin: in oare politike oertsjûging, in oar leauwen, in oare maatskiplike rang en gean sa mar troch?
Dêrom haw ik it gefoel dat it boek Jona lêzen wurde moat as in warskôging.
Sa fan: Tink derom! Jona, dat bisto!

In God fan genede en barmhertichheid
Mar ien treast is der yn dit profetyske boek. En dat is dat de God fan Israël hiel dúdlik nei foaren komt as in unifersele God, in God foar wa’t dy grinzen, dy foaroardielen, dy eigenwaan, dat nasjonalisme en dat rassisme net besteane.
Hy is in God’fan genede en barmhertichheid, sunich mei syn grime, rynsk yn trouwe leafde’.
Hy is de God fan Israël, mar tagelyk ek fan oare folken.
Dêrom is it boek Jona in pearel yn de bibel.

Amen.  
Rienk Klooster
wp9f7061fe_02.jpg
wp715f632a_02.jpg