

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -

Oktober 2009
Siebe de Boer: ‘Ik sykje nei wat ferburgen leit’
troch Yvonne Hiemstra
Siebe de Boer (Spears, 1948) is keunstner. De materialen dy’t er brûkt binne net gewoan, sa makket er gebrûk fan blommen, mar ek ûnderdielen fan fytsen, âld izer, ferve en glês. Dat in soad minsken syn wurk wurdearje hat ûnder mear bliken dien, doe’t er syn wurk eksposearre yn de Skierstins yn Feanwâlden. Sa'n 1500 besikers ha syn wurk sjoen en de reaksjes wienen tige posityf. Yn syn wenplak Burgum hie ik in petear mei dizze bysûndere man.
In petear oer syn passy, syn wurk en it tema fan syn wurk: de kwetsberens van minsken.
Oars wêzen kin net fuortstoppe wurde
'As bern ha ik altyd al it gefoel hân dat ik apart stie, dat ik oars tocht en fielde as de bern om my hinne', sa fertelt Siebe as ik him freegje nei de driuwfearen yn syn wurk. 'Yntuityf fielde ik oan dat ik net alles sa mar diele koe mei oaren, wat der yn my wie. Dat makke iensum. En ik tink dat dy ûnderfining, makke hat dat ik
in antinne krigen ha, foar alles wat miskend wurdt’. Siebe brocht syn jeugd troch op in boerespultsje.
As jongste soan yn in gesin fan 9 bern. Al gau krige er yn de rekken dat it ‘oars wêzen’ ek te krijen hie mei syn geaardheid.
Doe’t er, nei jierren it einliks opjoech, om te besykjen syn libben oan te passen oan fan de ferwachtings fan oaren, kaam er der efter dat wat er fuortstoppe hie, syn paad socht nei bûten ta.
'Alles wat in minske yn himsels fuortsiferet, fret syn wei nei bûten. Mar doe't ik ien kear dwaande wie mei it meitsjen fan keunst, kaam ik der efter dat der ek minsken wienen dy 't reagearren op wat ik makke.
Doe die bliken dat der ek minsken wienen dy ’t betrouber foar my wienen, dat ik net langer apart stie, mar eat betsjutte koe foar in oar. Dát hat foar my it fertrekpunt west, doe tearde ik iepen. Ik begûn te sykjen, yn mysels en by oaren, nei dat wat ferburgen leit.
Wat wurden net sizze kinne, seit keunst’.
It libben nimme sa ‘t it is
"Myn leafde foar de natoer siet der altyd al yn. As bern wie ik altyd de earste dy't thús kaam mei it earste blomke dat yn de berm bloeide. Fierder bin ik in typysk gefal fan '12 ambachten, 13 ûngelokken'. Siebe is dus autodidakt. Wat in skilder mei ferve kin, dat docht Siebe benammen mei blommen en âld materiaal.
Elk materiaal en elk ding hat syn eigenheid. Dat gegeven brûkt Siebe by it ferbyldzjen fan syn emoasjes. 'Izer, stiel, modder en glês, ik brûk dy materialen faak yn kombinaasje mei blommen, om utering te jaan oan myn emoasjes. Sjoch, izer kin ferrustkje, dat krijst der net mear of. Mar asto goed sjochst, dan is der somtiden libben mooglik op dat ferrustke izer. Ik ferwûnderje my bygelyks oer it proses fan oksidaasje. Der kin dan fan alles barre mei dat stik izer. Oars sein: ferlies kin ek rykdom fuortbringe, sa is it mei it libben fan minsken ek. Foar my is it de keunst om soks sjen te litten, minsken werkenne harsels faak yn myn wurk. Myn keunst makket emoasjes by minsken, dy 't faak fuortstoppe binne, taastber. It is eins in kommunikaasjemiddel.
Ik stel my kwetsber op yn myn wurk, dat makket dat in oar dat ek docht. Wy moatte it libben nimme sa 't it is, sa ’t it komt, en ússels akseptearje, mei ús goeie kanten, mar ek de skaadkanten. Want it is eins sa: dit alles hie der net west, ik hie dit nea dwaan kinnen, as ik dit paad net rûn hie. Út it skaad komt it ljocht, dat is it wûnderlike fan it libben.’
'Ik sykje nei wat ferburgen leit, om't ik sels de ûnderfining haw mei libjen mei eat wat net wekker roppen wurde mocht. Mar in minsk moat net hingjen bliuwe yn oerflakkichheid of himsels it wêzentlike ûntsizze’.
-
'Yn alles wat ik doch, sit eat fan myn leauwen. God is foar my takomst. It jout minsken in fiergesicht.
Wy moatte op 'e taast ús paad fine, geandewei sicht op saken krije. Ik fyn it somtiden tige dreech om te libjen út fertrouwen wei, om myn eangsten de baas te bliuwen. Ik meitsje my soargen oer de wrâld, de ierde.
Ik ha faak it gefoel dat my it sicht ûntnommen wurdt, mar wûnderlik is dan ek dat ik de ûnderfining ha, dat minsken foar my in muorre fan genegenheid om my hinne foarmje kinne. Dat is myn leauwen, God sit yn minsken, God is hannen, fuotten, earen, mûle en eagen. Elts minsk dy't ik moetsje, foarmet in finster op it godlike. Dat bringt my werom nei de Boarne en it jout my it fermogen it út te hâlden yn dit libben.
Minsken kinne sa fêst sitte, mar it giet om it frijwêzen. Dat lit myn keunst sjen. Yn relaasje mei oaren sykje ik nei it Godsgeheim, it is in reis nei de takomst dy ’t iepenleit’.
-
'Yn safier, dat ik fyn dat in tsjerke romte litte moat en de dingen iepen litte moat.
Ik ha in soad fan haat-
Libbensmeldij
en oare keunstwurken
fan Siebe de Boer
Keunst yn tsjerke
In keunstwurk fan Siebe waard okkerdeis brûkt yn in tsjerketsjinst.
It wie syn wurk mei de titel ‘Libbensmeldij’. In wurk fan allegear fytsbellen.
Allegearre mei in eigen lûd. Elke bel klonk yn de tsjinst. Doe waard oan alle gemeentelid frege om har eigen lûd hearre te litten, lykas de fytsbellen.
Siebe: ‘Dat wie tige spannend, want faak doarre minsken soks net. Mar de tsjerke rekke fol mei ôfsûnderlike lûden, en der kamen hieltyd mear by. It wie in geweldige ûnderfining, dat alle lûden dochs pasten yn in grutter gehiel.
Doe ’t it stil waard, resonearre it lûd noch nei.
Dat hat my rekke, soks driuwt my’.
Yvonne Hiemstra
Siebe de Boer makket ek wurk yn opdracht.
Dy’t kontakt mei him opnimme wol, syn E-