Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Desimber 2011


De skatkeamer fan ús hert


Ôfrûne oktober wie ik yn Rome.

In besite oan de Ivige stêd, sa't Rome ek wol neamd wurdt, is tige de muoite wurdich, benammen as jo ynteressearre binne yn de tsjerklike skiednis. Tusken alle pracht en priel hope ik in glimp op te fangen fan it ivige, it godlike. Mar dat foel my net ta.

Rome is drok. Men kin oer de koppen wol rinne yn it Fatikaan en de Sint Piter.

It is in spultsje fan grut, grutter, grutst, as it om tsjerken giet. Wylst it dochs sa ienfâldich begûn . . . mei in lytse poppe yn in krêbe.


Hope en teloarstelling

Rome is in stêd fol kontrasten. En tusken alle bylden en alterstikken stiet dêr yn de Sint Piter it byld ‘de Pièta’ fan Michelangelo. Maria nimt har ferstoarne soan yn ‘e earmen. It is in byld dat jin yn it moed taast.

Der kaam ien kearnwurd by my nei boppe: teloarstelling.

Hoe grut sil de teloarstelling west hawwe fan dizze mem? In mem dy ‘t dreamen hie, hope hie foar har bern? Of hat se it oankommen sjoen? Ferwachtings dy ‘t wy as minsken hawwe, komme lang net altyd út.

Somtiden stelle we te hege ferwachtings oan it libben, oan oaren. Bytiden wurde we ek gewoanwei skeind yn de hope dy't we stelle yn minsken, of yn it libben sels. It libben is in ien grut stroffeljen en wer oereinkommen.



























God sil rêding bringe

Dat leart ús it Krystevangeelje ek. Wy binne no wer yn dy spesjale tiid fan it jier. Hoewol’t de Kryst suver ta net folle mear as in jierdeisfeestje foar Jezus wurden is, giet it yn it Krystferhaal oer de ynkarnaasje fan God. Dochs wol in wichtich barren.

Mei Peaske sil dúdlik wurde wa't dizze man fan Nazareth krekt is en wat syn betsjutting wêze sil foar de wrâld. De persoan dy't fan it begjin ôf oan hiel sterk mei Jezus ferbûn is en bliuwt, is syn mem. It famke Maria dat mem wurde soe. Draachmem fan it heil.

Hie se der weet fan hoe ‘t it gean soe? Koe se yn it foar witte of oanfiele hoe ‘t it libben fan har soan ferrinne soe? Se hie te hearren krigen dat se har soan Jeshoeha neame moast: God sil rêding bringe. Mar syn namme sil dit bern net samar ta seine wêze, sa sil bliken dwaan. De pryster Simeon, dy't oan de sprekwurdlike

widze stie fan dit jonkje, seach yn dit bern de tasizzing fan de Ivige.

Simeon ferwurde syn leauwen sa: "Dit bern sil de ferlossing bringe". Mar, sa sei er tsjin Maria, de mem:

"Gâns minsken sille oer dit jonkje falle en troch him oereinkomme. Hy is set ta in teken fan God, dat tsjinspraak opropt. Ek troch jo hert sil in swurd gean . . ."


Yn betrouwen jins paad gean

Dat bin net mis te fersteane wurden en se sille Maria, dy't krekt út har kreambêd wie, dwers troch har siele gien wêze. Faaks hie se in foargefoel, dat har bern oars wêze soe as oaren, mar de betsjutting dêrfan . . . nee, dat hie se noch net bedjipje kind.

Somtiden binne der saken dy't in minske ‘wit’ sûnder dat immen se ea oan ús ferteld hat, of sûnder dat we se belibbe hawwe. Mei de ratio kinne we it net fetsje, mar ús hert kin ús sicht op saken jaan as taal net tarikkend is. Yn stil betrouwen jins eigen paad gean, dat is faak it iennichste dat we dwaan kinne yn it libben.

En doe ‘t ik Maria seach mei har folwoeksen soan op skerte, doe tocht ik oan de

wurden út Lukas 2: 'Syn mem bewarre dat allegearre yn har hert'. Dy wurden stean yn it ferhaal oer de jonge Jezus dy't yn 'e timpel wie en syn âlden ûngerêst makke doe 't se har soan net fine koenen. It bern spruts de âlders fermoanjend ta: "Wat dienen jim sa om my te sykjen? Wisten jim dan net dat ik dwaande wêze moat mei de dingen fan myn Heit? "


It mystearje kinne wy noch net bedjipje

Maria begriep it net. Mar troch mei har soan te libjen en troch him te oanfurdzjen lykas er wie, kaam se der efter dat hy yndie in grut en djip geheim yn him droech.

In geheim dat se as mem net bedjipje koe. En dat net bedjipje kinnen fan it geheimnis fan it libben, freget om in grut betrouwen. It freget oerjefte om dat mystearje waakse te litten, krekt om't men der mei it ferstân net by kin. De wurden fan Maria fyn ik treastfol en hoopfol.

Ik begryp ek lang net altyd wat de mannichte oan bylden fan de Bibel ús te sizzen ha. Ek it Krystferhaal dêr‘t himel en ierde elkoar reitsje en grinzen oerstiichd wurde, is net maklik te tsjutten. Bedjipje kin ik it net.

Mar yn de skatkeamer fan myn hert binne myn fragen, myn teloarstellings, myn twivels en myn hope feilich. Sa leart Maria my. Doe ’t ik sa foar it byld fan Michelangelo stie, fielde ik wer it stil betrouwen dat ek my ea de eagen iepengean sille. Op 'e tiid dy't my jûn wurde sil.

Ik moatst tinke oan de wurden út it Heechliet fan de leafde, neffens Paulus:

“No sjogge wy noch ûndúdlik yn in spegel, mar dan each-yn-each. No ken ik ûnfolslein, mar dan sil ik folslein kenne, lykas God my ken” (1 Kor. 13).

Mei dy wurden gean ik de Kryst en it nije jier hoopfol yn ‘e mjitte!

En dat winskje ik jim ek ta.


Yvonne Hiemstra


��