

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Maart 2011
Slauerhoff en Jorwert (5)
In Jorwerter gedicht fan Slauerhoff, dat wat apart stiet fan de oare gedichten is ‘De dienstmaagd’.
It is te finen yn de bondel Archipel.
Ek dit is in wat tryst gedicht, dat giet oer de kwetsbere posysje dy’t in ynwenjende tsjinstfaam fanâlds hie. Fakentiids wienen it famkes út it arbeidersfermidden, dy’t sa gau as se fan skoalle kamen oan it wurk moasten om wat te fertsjinjen foar de húshâlding. Guon kamen as lytsfaam oan it wurk by in boerinne.
Oaren teagen nei de stêd om dêr te ‘tsjinjen’. Sa bedarren frijwat famkes út it noarden en easten fan it lân as tsjinstboade by rike femyljes yn Hollan.
Ik haw in âlde frou kennen, dy’t in grut part fan har libben tsjinne hie yn Den Haach en dy’t dan wol fertelde
oer de tiid doe’t se se noch ‘by de minsken’ wie. In ynwenjende tsjinstboade hie
yn sa’n rikeljus-
In stokâlde frou út de Rottefalle fertelde my dat hja as jongfaam noch by de o sa soasjaal fielende ds. J.A. Visscher tsjinne hie, mar dat hja yn al dy jierren nea by de dûmnysfemylje oan tafel iten hie. Har plak wie yn de koken.
Op souder
Ynwenjende tsjinstboaden hienen earne yn it hûs in eigen keammerke. Sa kin men bygelyks op de souders fan âlde pastorijen noch de fammekeamers oantreffe, dêr’t eartiids de ynwenjende faam har sliepstee hie.
Dat wie ek sa op de Jorwerter pastorij. De oare sliepkeamers op de boppeferdjipping
kamen út op de gong, mar om yn de fammekeamer te kommen moast men oer de souder.
Yn de tiid doe’t wy dêr wennen (1983-
Jan Slauerhoff moat op syn besites by de femylje Hille Ris Lambers en yn de kunde kommen wêze mei de tsjinstfaam, it famke dat tsjinne op de pastorij en dat sliepte op de fammekeamer.
It is bekend dat er tige begien wêze koe mei minsken dy’t op ien of oare wize yn in kwetsbere posysje sieten. Sa moat er ek each hân ha foar dat famke dat tsjinne op de Jorwerter pastorij. En dan benammen foar it eigenaardige plak dat se dêr ynnaam en dat er sa treflik beskriuwt yn syn gedicht ‘De dienstmaagd'.
Oan de iene kant mocht hja der by hearre, mar oan de oare kant ek hiel dúdlik wer net. It iennichste plak dêr’t hja noch in bytsje harsels wêze koe, wie it keammerke op de souder. Mar echt privacy hie se dêr ek wer net. Slauerhoff hie in djip begrutsen mei har.
En har namme wie Rosa Künemund
Nijsgjirrich is dat yn ús tiid itselde blomkebehang der ek noch hong lykas Slauerhoff beskriuwt yn syn gedicht en ek dat de doar net goed slute woe. Hans Hille Ris Lambers, in soan fan de bekende Jorwerter dûmny en dy’t wolris by ús op besite kaam, ferbaasde him deroer dat it fammekeammerke der noch krekt ende lyk
útseach as eartiids.
Hy wist ek noch dat it famke dat model stien hat foar it gedicht Rosa Künemund hiet. Hja kaam earne út Dútslân wei en har heit wurke dêr by de spoarwegen. As dy op de fyts nei Jorwert ta kaam om syn dochter op te sykjen, dan hie er steefêst de pet fan syn unifoarm op de holle.
Rienk Klooster
DE DIENSTMAAGD
Niet uitgestooten en niet opgenomen,
Geen vreemdeling en toch niet een der hunnen,
En niets haar eigen, alles gunst of leen.
Zij zijn de meesters en zij kunnen
Altijd haar leven binnenkomen,
Dat zij, zoo altijd eenzaam, nooit alleen,
Niets houden kan voor zich en om zich heen.
Waar zou zij heen gaan? Midden op de vliering
Heeft men een kleine ruimte afgeschoten,
Haar kamer genoemd;
Verschoten doeken dienen voor versiering,
De wapperende deur kan niet gesloten
En het behang is grof gebloemd.
Zij heeft zoo naar een fijn gewaad verlangd,
Een hemdje van batist, dat ‘t eigne teedre
Afhouden kan van de gehate kleedren,
Waarin het klam, aanklevend hangt
Als geur: dat zij een deel van haar loon.
Eerst als zij alles afwerpt, wordt zij zuiver
Zelf en bevrijd, maar dan drijft haar een huiver
In ’t kille bed, dat haar als vreemde ontvangt.
Wat geeft haar dan het weten: ik ben schoon.
Vreugde niet meer, alleen een niet vergeten
Verloren rijkdom, lang geleên bezeten.
Er is geen avond, waar zij na haar dagen
Als bij vertrouwde liefde, bijna onbemerkt
Kan toeven, want haar arbeidsjaren vragen
Waarom zij leeft als zij niet werkt;
Als meesters die niet dan aan hen verschulde,
Door hun gunst toegestane vreugden dulden.
Haar zijn ligt open. In vele eenzaamheden
Had zij ’t verstrooide leven nog bijeengewonnen . . .
Uit een verlatenheid die elk kan overtrede’
Wordt dit teer weefsel niet gereedgesponnen,
En anders weten zíj wel met getoond verachten
En hoon voor haar doorwaaktheid te verkrachten
Die nauwlijks opgerichte trots uit nauwe nachten
En de bevrijding die begon.
‘De wapperende deur kan niet gesloten
En het behang is grof gebloemd’
