

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Desimber 2009
Slauerhoff en Jorwert
In rige artikels nei oanlieding fan myn lêzing foar de Frysk Oekumenyske wurkferbannen op tiisdei 13 oktober 2009 yn Earnewâld.
Ik sil besykje om wat te skriuwen oer de bekende Nederlânske dichter en skriuwer Jan Jacob Slauerhoff
(1898-
dat wol sizze mei de pastorij en syn bewenners. Libben en wurk fan Slauerhoff steane noch altiten tige yn de belangstelling en sadwaande haw ik dêr yn de goed 23 jier dat ik yn de Jorwerter pastorij wenne ha, faak mei te meitsjen hân. Gauris wiene der besikers dy’t graach it ien en oar witte woene. Ferskillende aktiviteiten
binne der organisearre, dêr’t ik lêzings en rûnliedings foar fersoarge ha. Tal fan minsken haw ik sadwaande moete: skriuwers en dichters, femylje fan Slauerhoff en eardere pastorijbewenners dy’t him noch persoanlik kend hiene. Mei oare wurden: yn Jorwert kaam Slauerhoff op myn paad en ik haw dêr in fassinaasje skipe
foar dizze nijsgjirrige persoanlikheid en syn literêre wurk.
In koarte biografy
Jan Slauerhoff is berne oan de Foarstreek yn Ljouwert as soan fan Jan Jacob Slauerhoff
en Cornelia Pronker (ôfkomstich fan Flylân). Heit Slauerhoff hie in stoffeardersbedriuw
yn it pand dêr’t no noch de bekende meubelsaak Slauerhoff te finen is. Jan hie as
jonkje al in breklike sûnens (hy wie astmatysk) en waard sadwaande faak nei femylje
op Flylân stjoerd. Dit fanwegens de frisse seelucht dêr op it eilân. Nei de legere
skoalle gong er nei de H.B.S. oan it Saailân en studearre dêrnei medisinen yn Amsterdam.
Nei syn stúdzje waard er skipsdokter en fear yn dy funksje oer de seeën fan de wrâld.
Sa hat er fearn op de Sina-
Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak
Slauerhoff syn relaasje mei Jorwert kin men op ‘en bêsten yllustrearje oan de hân fan it neilitten, mar net foltôge gedicht: ‘Ik kan net zeggen hoe ik Holland haat . . .’
IK KAN NIET ZEGGEN HOE IK HOLLAND HAAT
Ik kan niet zeggen hoe ik Holland haat;
Bij ‘t woord alleen grijpt walging mij de keel.
'k Zag 't liefst veranderd in een grote Peel,
Waarin ‘wegzakken kon met al zijn kwaad.
Neen, ’t is waar gróót kwaad wordt er niet bedreven,
Maar wel veel valsch ge -
Hij die er langer dan zes nachten sliep,
Heeft, weer op zee, het land voor al zijn leven.
Af zweer ik grijsgroen, melkwit, waterblauw;
Mijn kleuren zijn voortaan hardgeel, bloedrood.
Ik stierf nog liever picadorendood
Dan naar Zorg-
Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak,
Al is dat -
-
Maar ook in het mooiste ijs is wel een wak.
De rigel ‘Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak’ giet benammen oer Jorwert en dan wol de pastorij, dêr’t doedestiids de femylje Hille Ris Lambers wenne, dy’t in wichtige rol spile hat yn syn libben. Doe’t yn 1998
nei oanlieding fan de 100e bertejier fan Slauerhoff yn de notaristún te Jorwert in iepenloftstik opfierd waard,
dat gong oer dat tema, is dizze dichtrigel (mei dêrby syn pet en hântekening) yn brûns oanbrocht op de ringmuorre fan de pastorij.
In Nederland wil ik niet leven
Slauerhoff hâlde dus net fan Nederlân, ek net fan syn bertestêd Ljouwert. 'Leeuwarden heeft voor mij geen attracties' skreau er yn in brief oan Heleen Hille Ris Lambers. Hy koe net oer de lytsboargerlike mintaliteit
dêr't er yn grut wurden wie. Hurd wurkjende minsken dat wiene de Slauerhoffs sûnder mis, mar it libben draaide foar in grut part om de saak en om de geunst fan de klanten. Foar keunst, kultuer, wittenskip en literatuer wie gjin belangstelling. Jan syn wrâld wie folle grutter. Oan de Foarstreek yn Ljouwert beneare de sfear him dan ek.
'Duf en stug', sa omskriuwt er it âlderlik hûs. De benaude en benypte mintaliteit fan it provinsjestêdsje dat Ljouwert wie, dat beneare him o sa. It ôfsetten dêrtsjin is dan ek werom te finen yn syn wurk, bygelyks yn it gedicht 'In Nederland'.
IN NEDERLAND
In Nederland wil ik niet leven,
Men moet er steeds zijn lusten reven,
Ter wille van de goede buren,
Die door elk gaatje gluren.
'Ga liever leven in de steppen,
waar men geen last heeft van zijn naasten:
Om ‘krijschen van mijn lust zal zich geen reiger reppen,
Geen vos zijn tred verhaasten.
In Nederland wil ik niet sterven,
En in de natte grond bederven
Waarop men nimmer heeft geleefd.
Dan blijf ik liever hunkrend zwerven
En kom terecht bij de nomaden.
Mijn landgenoten smaden mij: ‘Hij is mislukt’.
Ja, dat ik hen niet meer kon schaden,
Heeft mij in vrijheid nog te vaak bedrukt.
In Nederland wil ik niet leven,
Men moet er altijd naar iets streven,
Om ‘welzijn van zijn medemenschen denken.
In het geniep slechts mag men krenken,
Maar niet een facie ranslen dat het knalt,
Alleen omdat die trek mij niet bevalt.
Iemand mishandlen zonder goede reden
Getuigt van tuchteloze zeden.
Ik wil niet in die smalle huizen wonen,
Die Lelijkheid in steden en in dorpen
Bij duizentallen heeft geworpen…
Daar lopen allen met een stijve boord
(Uit stijlgevoel niet, om te toonen
Dat men wel weet hoe het behoort)
Des Zondags om elkaar te groeten
De straten door in zwarte stoeten.
In Nederland wil ik niet blijven,
Ik zou dichtgroeien en verstijven.
Het gaat mij daar te kalm, te deftig,
Men spreekt er langzaam, wordt nooit heftig,
En danst nooit op het slappe koord.
Wel worden weerloozen gekweld,
Nooit wordt zoo’n plompe boerenkop gesneld,
En nooit, neen nooit gebeurt een mooie passiemoord.
Slauerhoff wie in romantikus: in man fan ûnrêst en aventoer, fan Weltschmerz en Fernweh. It fiere, it frjemde en it eksoatyske, dat wie it dat him luts. Syn hert gong út net fiere lannen, âlde kultueren mei myten en ferhalen oer grutte helden.
Mar tagelyk longere er nei in feilich en kalm bestean en stribbe er nei in ynderlike rêst dy’t er net fine koe.
Oer dy ynderlike tsjinstridichheid, om net te sizzen ‘ynderlike ferskuordens’, dy’t ek yn in tal prachtige gedichten werom te finen is, wol ik it in oare kear ha.
Rienk Klooster
