

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Oktober 2009
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Rienk Klooster
Yn myn artikel oer Charles Darwin yn nûmer 44 fan De Earn sei ik, dat ik noch werom komme soe op de ferhâlding tusken skepping en evolúsje en de diskusje tusken kreäsjonisten en evolúsjonisten. Fakentiids is
it ommers sa dat skepping en evolúsje foarelkoar oer set wurde en dat men foar de kar set wurdt yn hokker
fan beiden oft men leauwe wol. Persoanlik bin ik fan betinken dat it hjir om in falske tsjinstelling giet, dy’t om ferheldering freget. As ik dit soarte fan diskusjes hear tusken kreasjonisten en evolúsjonisten en harren publikaasjes lês, dat haw ik faak it idee dat it dizze minsken ûntbrekt oan filosofyske refleksje.
In bytsje kennis fan bygelyks de taalanalytyske filosofy fan Ludwig Wittgenstein soe hjir al frijwat
opheldering bringe kinne.
De taal fan de wittenskip
Wittgenstein, yn 1889 berne yn Wenen en yn 1951 ferstoarn yn Cambridge, hat de taal ûnderferdield yn in tal taalfjilden en taalspullen. Sa hat de taal fan de natoerwittenskip in oare logyske status as de taal fan ien dy’t in miening of in oertsjûging ferwurdet. Ta it eigene fan natoerwittenskiplike taal heart dat dy empirysk te ferifiearen is, d.w.s. men kin de ferskynsels om jin hinne mei jins sintugen waarnimme en mei jins ferstân beriddenearje. Sokke kennis is objektyf en jildt foar elkenien. De útspraak: 'It gers is grien' is wier, om't men
it oanwize kin yn de werklikheid om jin hinne. Mar as ik sis: 'It gers stiet der mar moai by', dan is dat in persoanlike en dus subjektive miening dy't net foar elkenien hoecht te jilden.
It is ommers mar krekt mei hokfoar eagen as men dernei sjocht.
De taal fan it leauwen
In oardiel oer ‘moai’ of ‘net moai’ of oer ‘goed’ of ‘net goed’ hat dan ek altiten
in persoanlik en subjektyf karakter. Dat jildt ek foar it taalfjild (of leaver de
taal-
Religieuze taal hat dan ek in hiel eigen karakter. Oars as de natoerwittenskiplike taal is it net beskriuwend, mar ferwizend en wol it wat oproppe fan dat ‘oare’ dêr’t it nei ferwiist. It middel dêrta is by útstek it symboal, de metafoar (byld), it ferhaal, de myte, de poëzij.
Nochris: it sil dúdlik wêze dat yn in wittenskiplike ferhanneling soks perfoarst net kin. Dêr moat alles empirysk te ferifiearen wêze, logysk mei elkoar gearhingje en net mei himsels yn tsjinspraak wêze.
De ‘delusion’ fan Dawkins
As wy wittenskiplike taal ferlikenje mei religieuze taal, dan falle de ferskillen jin op. Beide hawwe neffens Wittgenstein in eigen taalspul mei eigen regels.
Lykas men net biljerte kin op skaakboerd, sa kin men de regels fan it iene taalfjild net samar tapasse op it oare. Dat lêste liket sa ienfâldich en foar de hân lizzend, mar tsjin dy regel wurdt mar al te faak sûndige.
Sa is it bizar om te sjen hoe’t in evolúsjonist en ateïst as Richard Dawkins yn syn
bestseller The God Delusion (Nederlânske titel: God als misvatting) út 2006 besykje
wol om mei wittenskiplike arguminten oan te toanen dat God net bestiet. Mar allike
bizar is it om bewize te wollen dat God it 'grutte superbrein' is dy't de ierde skepen
dan wol ûntwurpen hat. Intelligent design wurdt dat hjoed-
De riddenaasje is dan: de wrâld sit wol sa fernimstich en geniaal ynelkoar, dat dy
net samar út himsels ûntstien wêze kin. Lykas men jin in prachtich oanleine tún net
yntinke kin sûnder in betûfte túnman, sa is it ûntstean fan de wrâld allinne mar
te ferklearjen troch in boppe-
Hoe bot oft men dat lêste ek meifiele kin, benammen as men jin ferwûnderet oer it mystearje yn en efter alles om jin hinne, men kin op grûn fan dat gefoel fan ferwûndering net beslute ta it bestean fan God en om dêrnei
it ûntstean fan de werklikheid fan dêrút wei te ferklearjen.
It kennen en it leauwen binne twa saken, dy’t men dúdlik fan elkoar ûnderskiede moat. De evolúsjeteory is in natoerwittenskiplike oangelegenheid, heart ta it taalfjild fan de empiryske wittenskip, om teoryfoarming dy’t ta stân komt op grûn fan it waarnimmen fan ferskynsels yn de natoer en it lizzen fan logyske ferbannen. Dat is no krekt wat Darwin sa bûtengewoan knap dien hat.
De taal fan it Joadske leauwen
De skeppingsgedachte is in saak fan it leauwen en fan de religy. It bibelske skeppingsferhaal
hat dan ek in hiele oare logyske status as in natoerwittenskip-
Mar it earste wurd dat God oer dy tsjustere gaos útsprekt, dat is:‘Lit it ljocht wêze!’ Alwer kin men jin ôffreegje hokfoar ljocht as dat krekt west hawwe moat, om’t it net gean kin om it ljocht fan de sinne en de moanne.
Dy wurde ommers pas skepen op de fjirde dei.
Op de earste dei giet it om it ljocht fan de godlike oanwêzichheid. Yn de Joadske tradysje hat men it dan oer de godlike ‘sjechina’. Yn de bibel komme wy dat ferskynsel bygelyks ek tsjin yn it krystferhaal. As de hoeders fan in ingel te hearren krije dat de Kristus berne is, dan ljochtet 'de himelske gloarje' om har hinne. Dat is ek wer dyselde godlike 'sjechina'. De ierde rekket om samar te sizzen efkes de himel.
It ljocht fan God
Oer dat eigenaardige ljocht op de earste skeppingsdei is in hiel moai Joadsk ferhaal. Der wie ris in rabby dy’t syn learlingen it skeppingsferhaal fertelde en doe wie der ien dy’t him frege, hokfoar ljocht oft dat krekt wie, om’t it ommers net gean koe om it ljocht fan de sinne of fan de moanne. De rabby joech as antwurd dat wy minsken yn wêzen net libje fan it ljocht fan de sinne en de moanne, mar fan it ljocht dat ûntstiet troch it sprekken fan God. Krekt troch dat ljocht wurdt de ierde foar de minsken in goed plak om te wenjen. Mar as dat ljocht, it ljocht fan God oftewol fan de minsklikheid der net mear is, dan binne wy werom by ‘tohoe wa bohoe’, by dat oarspronklike ‘woeste en wylde’.
Mei oare wurden ‘tohoe wa bohoe’ stiet foar it ‘ûnminsklike’, it ‘ynhumane’. En wat it lijen ûnder it ynhumane sizze wol, dêr is de Joadske skiednis fol fan. Sa sitte yn it skeppingsberjocht yn Genesis 1 oeral dûbelde boaiems, dy’t te krijen hawwe mei djip minsklike ûnderfinings.
It ferhaal wol dan wat sizze oer it plak fan de minske op ierde en oer sin en doel fan it minsklike bestean.
It giet oer it leauwen yn in God dy’t de ierde yn djipste wêzen bedoeld hat as in goed wenplak foar alle minsken. It sil dúdlik wêze dat wy hjir yn in hiel oar taalfjild sitte as dat fan de Darwinistyske natoerwittenskip.
Rienk Klooster