

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Maart 2011
Twa gedichten fan Roemi
Wie ik ea minder troch te stjerren?
Ik stoar as stof en waard in plant,
Ik stoar as plant en ferriisd’ as bist,
Ik stoar as bist en wie in minske.
Wêrom soe in eangje? Wie ik ea minder troch te stjerren?
Mar noch ien kear moat ik as minske stjerre, om te fleanen
mei de seinge ingels; mar sels fan it ingel-
moat ik wer ferskiede: alles útsein God dat giet foarby.
As ik myn ingelesiel opoff’re haw,
Sil ik wurde wat nin minske ea betinke koe.
Oh, lit my net bestean! Want Net-
Ropt mei in lûde stim,
Nei Him gean’ wy werom.
Fragen
De hiele dei kin ik oan neat oars tinke,
alle nachten freegje ik mysels ôf:
wêr kom ik wei
en wat moat ik dwaan?
Ik soe it wier net witte.
Myn siel komt fan in oare wrâld,
dat wit ik foarwis.
Like wis as ik fiel
dat ik dêr ek einigje sil.
Ik waard dronken yn de
iene of de oare kroech,
mar as ik wer werom kommen bin,
sil ik hielendal nochter wêze.
Wilens bin ik as in fûgel
út fiere oarden,
opsletten yn in kouwe yn ‘e frjemdte.
De dei brekt oan dat ik útflean,
mar mei waans earen hear ik myn eigen lûd?
Wa sprekt mei myn mûle?
Wa sjocht mei myn eagen?
Wat is de siel?
It binne fragen dy’t hieltyd op ‘e nij komme.
Sels de skym fan in antwurd
soe my al ferlosse
út dizze finzenis fol dronken lju.
Ik bin hjir net út frije wil kommen;
samar fuort gean, slagget my net.
Dy’t mei hjir brocht hat,
sil my ek thús bringe moatte.
Roemi
It gedicht hjirboppe is fan de ferneamde Soefi-
Jalal ad-
By in soad minsken is er better bekend ûnder de namme Roemi.
Oersetting út it ingelsk troch Jan Lautenbach
