Herfoarme Tsjerke Earnewâld Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Septimber 2011


Wierheid

Skriftlêzings: I Keningen 22: 1-28 of 1-39


Wat is wierheid? Hoe moat men dêrmei omgean? Wat moat men leauwe en wat kin men sizze?

Wat moat men net leauwe en wat kin men net sizze? It liket miskien ienfâldich, mar yn de praktyk fan it deistige libben it is krekt hiel yngewikkeld en it stekt hiel nau. Wat is wierheid en hoe dêr mei om te gean?

It is in kompleks fan fragen dat my al hiel lang dwaande hâlde. En my net allinne. Want wa rint yn it libben, ek yn it gewoane deistige bestean, net geregeldwei tsjin dizze fragen oan.

De wierheidsfraach is dan ek in wichtige libbens-fraach. Wat is wierheid?

In filosofyske fraach is it. Mar ek in wichtige fraach yn alle wittenskippen; yn de rjochtspraak, yn de polityk.

De fraach nei de wierheid is ek in net minder wichtige fraach yn de godstsjinst en yn de praktyk fan it leauwen. Dêrom soe it faaks wol in tema wêze kinne foar in hiele rige fan preken en oertinkings. Teminsten, dêr waard ik my by it skriuwen fan dizze preek fan bewust. Want de wierheidsfraach bliuwt aktueel.


De driging fan Aram

Wy ha hjoed twa fragminten út de bibel lêzen, dêr’t it hiel dúdlik giet oer it tema wierheid en hoe’t de ferskillende minsken dêrmei omgeane. Yn it earste ferhaal, dat yn 1 Keningen 22, giet it oer de profeet Micha ben Jimla. It is in bytsje in eigenaardich man, mar wol in echte profeet.

Efkes wat oer de politike eftergrûn fan dit ferhaal. Aram is it lettere Syrië, mei Damaskus as haadstêd.

De tolve stammen fan Israël binne yn dizze tiid al opsplist yn in noardlik ryk, it ryk fan de tsien stammen, mei Samaria as sintrum. De kening is Achab, in man dy’t yn de bibel beskreaun wurdt as in grutte boef. Mar der is yn dy tiid ek in súdlik ryk: it twastammeryk Juda mei Jeruzalim as sintrum en Josafat as kening.

De Syriërs binne yn dy tiid in bedriging foar sawol it noardlike as it súdlike ryk. It stedsje Ramot yn Gilead ha se al ferovere. En no beslute kening Josafat en syn kollega Achab om tegearre mei harren legers de striid tsjin de fijannige Syriërs oan te gean.


Achab en Josafat

Mar Josafat seit dan tsjin Achab: ‘Freegje earst de Heare om in útspraak’.

Achab ropt dan syn profeten byelkoar en freget har om ried. Ienriedich sizze dy 400 mannen, dat it wol fertroud is en dat de striid goed ferrinne sil. Dy 400 profeten binne ‘hofprofeten’, hovelingen yn tsjinst  fan de kening.

De ieuwen troch ha der oan alle hôven sokke amtners west. Sokken sille fansels wol oppasse om dingen te sizzen dy’t in machthawwer net hearre wol. In minske praat ommers mei deselde mûle as dêr’t er ek it brea mei yt . . .

En sadwaande is it ek foar dizze 400 hiel fanselssprekkend om de wierheid fan de wurden fan God oan te passen oan de easken fan harren breahearre. Sa binne dizze hofprofeten - en de profeet Sidkia mei syn izeren hoarnen foarop – ienriedich  en per definysje loyaal oan de kening. Loyaal oan it systeem, ek al is dat tsjin better witten yn. It binne de wolbekende slippedragers en sjerpslikkers. En it soe my net fernuveje as dêr oan it hof in soartemint fan eangstkultuer hearske. Elkenien is bang foar elkenien en men sil wol oppasse mei wat men seit. Want oars hat men samar spul mei de kening.  


Josafat twivelet oan ‘de wierheid’

Kening Josafat hat dy mannen wol troch en freget oan Achab: ‘Is hjir oars gjin profeet, dy’t wy freegje kinne?’

It docht bliken dat dy der wol is: Micha ben Jimla. Mar dat is in ferfelende keardel, in dwerslizzer. Sa’nien dy’t allinne mar ûnheil profetearret. En dêrom hat kening Achab dy man dan ek opslute litten en sa it swijen oplein.

Wy ha heard hoe’t it ferhaal dan fierder giet. Micha ben Jimla wurdt ophelle.

Ûnderweis kriget er fan de boade noch de warskôging mei om sa ferstannich te wêzen en praat de kening  nei de mûle. Mar Micha is dat net fan doel en seit dan:

'Sa wier as de Heare libbet, ik sil oars net sizze as wat de Heare my seit'.

As er dy beide kenings sjocht, seit er tsjin Achab soks as: ‘Dy oarloch tsjin de Syriërs, dat moatte jim foaral dwaan! Dat is wat jim ommers fan my hearre wolle?’ 'Toe no Micha' seit kening Achab, 'en no serieus graach!'

De profeet begrypt de sitewaasje. En hy ret it de beide kenings dan ôf mei de wurden:


Ik seach hiele Israël, op de bergen fersille

as skiep dy’t gjin hoeder mear hawwe.

En de Heare sei: Se hawwe gjin lieders mear,

lit elk yn frede wer nei hûs ta gean.’   


Achab seit dan tsjin syn kollega Josafat: ‘Hie ik it jo net sein? Hy profetearret noait wat goeds as it om my giet. Oars net as ûnheil’. Micha giet dan noch efkes troch mei syn ferhaal. Hy beskuldiget de hofprofeten fan sjerpslikkerij en ligerij en dat dy 400 mannen behearske wurde troch in kweageast fan hegerhân.

De profeet Sidkia wurdt dan sa lilk dat hy slacht Micha mei de fûst tsjin de mûle oan.

Achab lit de profeet Micha ben Jimla dêrnei werombringe nei it tichthûs. En omdat er de kening (twa kenings noch wol) it leksum lêzen hat, wurdt er foar straf op rantsoen set. 'Ja, oant ik behâlden werom komme sil', ropt kening Achab him dan noch nei. Micha draait him noch ienkear om en seit dan: 'As jo behâlden werom komme, dan hat it net de Heare west dy't troch myn mûle sprutsen hat'.

Fierderop yn itselde haadstik 22 wurdt ferteld hoe’t Achab sneuvelet tsjin de Syriërs. Hy wurdt rekke troch in ferdwaalde pylk. Op in wein wurdt er dan fan it slachfjild nei hûs ta riden. Mar as de wein oankomt by it paleis, dan is de kening al deablet.As nei de begraffenis de feinten de wein himmelje sille, dêr’t de kening mei thúsbrocht is, dan sjogge se dat de hûnen de wein al skjin slikke hawwe.


Wierheid en macht

Ja, wat is wierheid?  

Dat is net allinne in wichtige fraach dy’t wy tsjinkomme yn it profetyske ferhaal yn it profetyske boek 1 Keningen. Dyselde fraach wurdt sa’n lytse 900 jier letter ek útsprutsen troch de Romeinske prokurator Pontius Pilatus. Pilatus sit dy deis – it wie op in freed – mei in ferfelend probleem. Hy moat rjochtsprekke oan in hiele wûnderlike man: Jezus fan Nazaret. Dy seit dat er in soartemint fan kening is, mar fan in ryk dat net fan dizze ierde is. 'Ik bin Kening' seit er, dêrfoar bin ik berne en dêrfoar yn de wrâld kommen, dat ik foar de wierheid útkomme soe: elk dy't it mei de wierheid hâldt, harket nei my.

En dan ropt Pilatus út: ‘Wat is wierheid?  


Dêrmei formulearret dizze steedhâlder in fraach dy’t net sa maklik te beantwurdzjen is. Want hoe komme wy achter de wierheid en wa makket út wat wierheid is? Dat is hiel lêstich. In gongbere opfetting yn de filosofy is dat in útspraak wier is as dy oerienkomt mei de werklikheid. Mar wat is krekt de werklikheid? En sa is de diskusje oer wat wierheid is, al ieuwenlang geande. Yn de njoggentjinde ieu hat der in grut en orizjineel tinker west, -  ik bedoel Friedrich Nietzsche -  dy’t sein hat: wierheid hat te krijen mei macht. Dy’t de macht hat, dy makket út wat wier is en wat net.

Ik helje dy man mei opsetsin oan, omdat dat der yn de beide bibelferhalen ek sa hinne leit.


Yn 1 Keningen 22 stiet de profeet Micha ben Jimla allinne tsjin 400 profeten oer, amtners yn tsjinst fan de kening. Dy mannen tsjinje it systeem. It systeem dat basearre is op macht. En dy geastlike lieders, dy't troch de kening betelle wurde, binne ynpast yn dat systeem. It systeem dat net allinne machtich is, mar tagelyk ek hillich. En fansels hat it de wierheid oan syn kant. Der is gjin romte foar in ôfwikende miening of in kritysk lûd. It systeem makket út wat wier is en wat net en hat sadwaande altiten gelyk. Yn sa’n systeem is eins mar ien ding hillich. En dat is net de wierheid, mar dat is it systeem sels. En dy’t it dêr net mei iens is, is in dwerslizzer, in ketter en yn it foar al feroardiele.


Jezus soe 900 jier letter ek konfrontearre wurde mei sa’n machtssysteem. As er each yn each mei de fertsjintwurdiger fan dat systeem stiet, hearre wy him sizzen: 'Ik bin berne en yn de wrâld kommen, dat ik foar de wierheid útkomme soe. Elk dy't it mei de wierheid hâldt, harket nei my'.   

'Wat is wierheid?' seit Pilatus dan.

 'Wierheid' en 'wierheid'. Twa gelikense wurden, mar ynhâldlik besjoen mei in wrâld fan ferskil. Twa wrâlden dy't op elkoar botse. Oan de iene kant de wierheid dy’t grûndearre is op macht en eangst. Dat is de wierheid fan Achab en syn 400 hofprofeten en dat is ek de wierheid fan de Romeinske steedhâlder Pontius Pilatus. En oan de oare kant de wierheid dy’t basearre is op earlikheid, op yntegriteit en op in suver gewisse. In wierheid dy’t te meitsjen hat mei de wurden fan God. Dit is de  wierheid dy’t útsprutsen wurdt troch Micha ben Jimla en 900 jier letter troch Jezus fan Nazaret.   


De wierheid is gefaarlik foar de sprekkers en foar de machthawwers

Wierheid en wierheid. De wierheid fan de macht en de wierheid fan de kwetsberens. In typysk foarbyld fan dat lêste binne hjoeddedei de saneamde ‘kloklieders’, mar men kin ek tinke oan ‘dissidinten’. In echte kloklieder, in echte dissidint, is in kritysk persoan. Immen dy’t him steurt oan it ûnrjocht dat er om him hinne sjocht, binnen it systeem dêr’t er oan ferbûn is. Hy sjocht hoe’t it dêr om en ta giet en hoe’t net ien der wat fan doar te sizzen, om’t elkenien bang is foar elkenien. Mar syn gewisse pleaget him. En dêrom is er ree om syn eigenbelang op te jaan foar it algemien belang en de wierheid te tsjinjen troch dy oan it ljocht te bringen.

Hy docht de mûle iepen of hy grypt nei de pinne.   

Sokke minsken moatte fakentiids anonym bliuwe. Want men kin noch sa bot gelyk hawwe, it systeem dat belang hat by it ûnrjocht, kin de wierheid net ferneare. Want sa’n kloklieder, sa’n dissidint persoan, wa tinkt er wol net dat er is?' Dy is noch net klear mei ús. Hy sil krije dat er fertsjinnet!

In dwerslizzer is it, in spulbrekker, in ferrieder, dy’t net past yn it systeem. It systeem dat hillich is en machtich en dat sadwaande altiten gelyk hat.

Fansels is it pas efternei út te meitsjen oft in dwers persoan gelyk hân hat of net. Dat wie mei de profeten ek sa. Dy âlde profeten, dat wienen ek fan dy ferfelende dwersbongels. Micha ben Jimla âle net mei yn it koar fan de 400 hovelingen. Hy doarst it oan om der tsjin yn te gean en de kening de wierheid te sizzen.

Sokke profeten wienen yn harren tiid fansels net populêr en rûnen it gefaar om it libben der by yn te sjitten. Hoe’t it mei Micha ben Jimla ôfrûn is, dat witte wy net. Hoe’t it mei Jezus fan Nazaret ôfrûn is, dat witte wy mar al te goed.


Mar wat de beide ferhalen ús leare wolle is dat it Wurd fan God krekt te meitsjen hat mei dat profetyske lûd, mei dy krityske dwerslizzers, dy kloklieders en dy dissidinten, dy’t har net ynpasse litte yn in systeem dat himsels o sa wichtich achtet en himsels hillich ferklearre hat. Dat profetyske lûd, dat is krekt de essinsje fan it bibelsk boadskip en de essinsje fan it Keninkryk fan God.


It is fansels wier dat wy net sûnder systemen kinne. By in demokrasy heart in steatsapparaat. En by in tsjerke heart no ienkear in tsjerklik ynstitút. Mar noch it iene, noch it oare is op himsels hillich.

It binne mar middels om tsjinstber te wêzen oan it wolwêzen fan minsken. Mar om't in systeem sa maklik op macht út wêze kin, dêrom is it goed dat der krityske geasten binne: dwerslizzers, kloklieders, profeten. As leauwige minsken moat ús dat oansprekke. En wol omdat wy besykje om boargers te wêzen fan dat Keninkryk fan God, dat wol yn dizze wrâld, mar net fan dizze wrâld is. Dêrom is der foar ús noch in oare Kening en in oare wierheid.


Amen.

Rienk Klooster

 


De profeet Micha foar Achab en Josafat

Ets fan Casper van Luyken (1712)