wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld
It Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld

Yn de tsjerketsjinsten fan Earnewâld foel it op, dat der altyd mear minsken nei de Fryske tsjinsten kamen, as nei de hollânske. Boppedat wie dúdlik, dat guon minsken har somtiden net mear thús fielden yn it bewende tsjerklike fermidden en op syk wiene nei in oare ynhâld fan har leauwen. Dêrom is yn neifolging fan in tal oare wurkferbannen yn 1999 it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld oprjochte.
Wat is it Wurkferbân en wat binne har doelstellings en wurksumheden?

Oprjochting, grûnslach en doel fan de stifting
Doe’t op 23 juny 1999 de akte foar notaris Vellinga (†) op De Gordyk passearre en de stifting Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld (FOWE) in feit wie, waard yn kêst 2 as grûnslach formulearre: de gearwurking fan minsken dy’t Jezus as Hear belide (Rom. 10:9). As doel waard steld, geregeld earetsjinsten yn de Fryske taal te hâlden yn de tsjerke fan Earnewâld, mar ek it opsetten fan in learhûs, it útnoegjen fan in sprekker, bernetsjinsten en kategeze hearre ta de mooglikheden.
Yn in tiid dat it tal tsjerkegongers oer it generaal ôfnimt en wy bemerke dat it tal besikers oan de lêzingen fan de Earnewâldster Rûnte en de tematsjinsten tanimt, hat it bestjoer fan it FOWE grûnslach en doelstelling fan de stifting opnij yn petear nommen. Op tiisdei 9 desimber 2003 hat in earste oriïntaasje plakfûn. Yn ferskate gearkomsten binne grûnslach en doel fan it wurkferbân yngeand bepraat.
Om’t der mei yngong fan 2008 nije regeljouwing fan de Belesting kaam foar de saneamde ANBI’s (Algemeen Nut Beogende Instellingen) en ek in tal oare punten yn it karbrief oanpast wurde moasten, hat it bestjoer in nij karbrief fêststeld, dat yn maaie 2008 by de notaris passearre wurden is.
As jo de tekst lêze wolle, kinne jo hjir klikke.

Grûnslach en doel fan de stifting neffens it nije karbrief
1. De grûnslach fan de stifting is in gearwurking fan minsken dy’t har fine kinne yn de wurden fan it
“Ús Heit”.
2. It oekumenysk karakter fan it wurkferbân hâldt yn dat yn prinsipe elkenien dy’t him ferbûn fielt mei of belangstelling hat foar it kristlike leauwen en dy’t grûnslach en doelstellings fan it FOWE ûnderskriuwe kin, dielnimme kin oan de aktiviteiten fan it Wurkferbân en sit hawwe kin yn it bestjoer.
3. Yn tsjinsten en oare aktiviteiten fan it Wurkferbân wurdt it Frysk safolle mooglik as fiertaal brûkt.
4. It doel fan stifting is:
- om geregeldwei earetsjinsten yn de Fryske taal yn de tsjerke fan Earnewâld te hâlden; ek it organisearjen fan saken dêromhinne lykas it opsetten fan in learhûs, it útnoegjen fan sprekkers, bernetsjinsten, kategeze ensafuorthinne kinne ta de mooglikheid hearre.
- omtinken te jaan oan de wittenskiplik-teologyske ûntjouwingen fan de lêste tiid, mei alle konsekwinsjes dy’t dat hat foar útlis en ferstean fan de bibel.
- in geastlik ûnderdak te bieden oan allegearre dy’t har hjirtroch oansprutsen fiele en dy’t op syk binne nei in persoanlike leauwensynhâld.

Taljochting op it Frysk oekumenysk karakter fan it wurkferbân
It oekumenysk karakter fan it wurkferbân hâldt yn dat yn prinsipe elkenien dy’t him ferbûn fielt mei of belangstelling hat foar it kristlike leauwen, dielnimme kin oan de aktiviteiten dy’t troch it wurkferbân organisearre wurde. Minsken fan ûnderskate tsjerklike eftergrûnen (al of net lid fan in tsjerkeferbân) kinne dan ek sit hawwe yn it bestjoer, fansels op betingst dat hja har fine kinne yn de doelstellings fan it FOWE. Datselde jildt ek foar de foargongers en de sprekkers dy’t útnoege wurde foar de ferskate aktiviteiten. De namme fan it wurkferbân jout oan, dat yn de tsjinsten en de oare aktiviteiten safolle mooglik it Frysk as fiertaal brûkt wurdt (om praktyske redenen moat der somtiden fan ôfwykt wurde).
Yn de meidielings, de Earn en programs komt dat alle kearen dúdlik nei foaren.

De selsstannigens fan it Wurkferbân
Om´t it Wurkferbân yn prinsipe los stiet fan de offisjele tsjerklike organisaasjes, jout it bestjoer dan ek folslein selsstannich foarm en ynhâld oan de boppeneamde doelstellings. Gearwurking mei besteande tsjerklike ferbannen heart wol ta de mooglikheden. Sa is der op dit stuit in goede gearwurking mei de tsjerkeried fan de herfoarme gemeente fan Earnewâld: guon tsjerkeriedsleden hawwe sit yn it bestjoer.

Aktiviteiten
Om foarm en ynhâld te jaan oan it doel fan it FOWE organisearret it bestjoer in tal aktiviteiten.
Alle jierren wurdt op ‘e nij besjoen wêr ‘t ferlet fan is en wat de mooglikheden datoangeande binne.
De organisaasje dêrfan kin opdroegen wurde oan ien of mear bestjoersleden of in aparte kommisje, oanwiisd troch it bestjoer.

De tsjerketsjinsten
It bestjoer fan it wurkferbân beleit op syn minst ien kear yn ‘e moanne in tsjinst yn de herfoarme tsjerke fan Earnewâld. Op dy sneinen wurde gjin tsjinsten organisearre troch de herfoarme tsjerkeried. De fiertaal yn de tsjinsten is fansels (sa folle mooglik) Frysk.`In tal tsjinsten fan it wurkferbân wurdt hâlden om in bepaald tema hinne. De ûnderwerpen foar dy tematyske tsjinsten wurde yn oerlis mei de foargonger fêststeld en troch de skriuwster opnommen yn de berjochtjouwing nei kranten en tsjerkebledsjes ta.

De Earn is it skriftlike kontaktorgaan fan it Wurkferbân
Nei de oprjochting fan it Wurkferbân waard besletten dat it FOWE in eigen blêd útjaan soe, dêr´t ek it nijs fan de Herfoarme Tsjerke yn opnommen wurde soe. Der waard keazen foar de namme “de Earn” (nederlânsk: arend of adelaar), om’t Earnewâld dêr neffens guon nei neamd is en fansels om’t de bekende psalmtekst nei in earn ferwiist. Minsken dy’t graach in abonnemint ha wolle, kinne dat trochjaan oan Tine van Minnen. In abonnemint foar 5 nûmers yn it jier kostet 12,50 Euro.

De Earnewâldster Rûnte (ER)
De Earnewâldster Rûnte is in inisjatyf fan it bestjoer fan it wurkferbân mei as doel nije teologyske ûntjouwingen tichter by de minsken te bringen. Guon bestjoersleden fan it wurkferbân wurkje mei oan
de aktiviteiten en hawwe in sit yn de kommisje dy’t de lêzingen organisearret.
Sjoch foar mear ynformaasje op de Earnewâldster Rûnte

De stúdzje-/praatgroep
De stúdzjegroep is bedoeld foar minsken dy’t har neier oriïntearje wolle op nije teologyske ûntjouwingen. Yn in tal gearkomsten wurde, ornaris nei oanlieding fan in boek, aktuele ûnderwerpen út de teology oan
‘e oarder steld. It program foar 2008 - 2009 is basearre op it tema fan de Earnewâldster Rûnte “It kwea as macht en as realiteit”.

Tsjerketsjinsten
Sjoch hjir foar alle tsjerketsjinsten fan it Wurkferbân en de Herfoarme Tsjerke yn Earnewâld . . . . . .

Foar it bûsboekje
Foar data fan gearkomsten en aktiviteiten (oars as tsjerketsjinsten en lêzings fan de Earnewâldster Rûnte, sjoch de hiemside.

www.fowe.org: ús hiemside op it ynternet
Sûnt 2007 hat it FOWE ek in eigen side op it ynternet. Benammen fanwegen de lege kosten, grutte berikberheid, en de mooglikheid om ús nijs flot te fersprieden. Hjir binne preken en oertinkings te finen, artikels út de Earn, lêzingen hâlden foar de Earnewâldster Rûnte ensfh.
Ek de lêste nûmers fan de Earn binne hjir yn te laden (NL: te downloaden)
Jan Lautenbach is ús webmaster en syn adresgegevens steane hjir

Kontakt opnimme mei it wurkferbân
Foar alle adressen fan bestjoersleden, it oanfreegjen fan in abonnemint op de Earn, ensfh. . . . . . .